‘Earst tinkst… wêr gean ik hinne ast de navigaasje oansetst, mar sadree’tst de romte ynstapst fielst dy hielendal op dyn gemak, it is der ljocht, lekker waarm, moai en mei smaak ynrjochte en kinst der hielendal dysels wêze. Do hast de kar om oan de grutte tafel te sitten of yn de lounge-hoeke, mar krekt wat dyn foarkar hat, alles is goed, de ideale romte om dyn emoasjes gean te litten.’
RJ
“Ik krige it gefoel by Wendy (einliks) heard te wurden, se naam rom de tiid om elk aspekt fan myn libben oant safier te bedjipjen , te evaluearjen en te tsjutten, dat joech my in soad romte yn ’e holle, ferklearringen sadat ik it los litte koe. Ek it proses fan rou dêr’tst hinne en wer slingere wurdst, wie werkenber en it gefoel dat it okee wie sa’t ik my fielde, wie hiel noflik, de erkenning allinne al…’”
Sandra
“Wendy kin goed harkje, wit de goede fragen te stellen en my in spegel foar te hâlden. Dat jout ynsjoch, hânfetten en úteinlik rêst yn ’e holle. En ik ha mysels in stik better kennen leard. In hiel fijne praktykromte. Leechdrompelich, in soarte fan húskeamergefoel. Ik kaam der graach.”
Jantine
“Altyd noflike petearen, Wendy tinkt mei, is meigeand en hat goede kennis. De praktyk is sfearfol, altyd in waarm gefoel”
Berber

“Wat is it meast moedige datst oait sein hast?” frege de jonge.
“Help!” antwurde it hynder.
Charlie Mackesy
Wy brûke cookies om in bettere brûkersûnderfining te garandearjen. Wy brûke ek cookies foar ús webstatistiken.