Algemiene betingsten

  1. Dizze algemiene betingsten hearre by de behannelingsoerienkomst. Dizze betingsten binne opsteld troch Wendy Nauta | Ferlies- en Routerapeut, hjirnei de terapeut neamd, en de kliïnt.
  2. As de kliïnt nei it earste petear mei de terapeut in datum ôfpraat hat foar in ferfolchpetear, is der sprake fan in behannelingsoerienkomst. Dy behannelingsoerienkomst wurdt skriftlik fêstlein.
  3. De behannelingsoerienkomst is twaliddich:
    A. de terapeut en de kliïnt geane in relaasje mei-inoar oan foar in bepaalde perioade yn de ferhâlding terapeut-kliïnt;
    B. de behanneling hat betrekking op de troch de kliïnt oandroegen helpfraach. Dy kin ûnder it trajekt bysteld of ferdúdlike wurde. Dy kin ûnder it trajekt bysteld of ferdúdlike wurde.
  4. By it oangean fan de oerienkomst wurdt in bedrach de sessy ôfpraat. Dat bedrach is opnaam yn de behannelingsoerienkomst. De faktuer moat fuort nei in sessy betelle wurde mei de oanwêzige pin.
  5. De minimumtiid foar in sessy is 60 minuten en it maksimum is 90 minuten.
  6. By behindering moat in ôfprate sessy 24 oeren yn it foar ôfsein wurde. De terapeut bringt 100% fan de kosten fan de miste sessy yn rekken as de kliïnt dy net op tiid ôfseit, nettsjinsteande de reden fan ôfsizzing. Dat jildt ek as de kliïnt om watfoar reden ek net op de ôfprate datum en tiid ferskine soe.
  7. De oerienkomst einiget op de neikommende manieren of omstannichheden:
    A. de terapeut en de kliïnt bepale mei-inoar dat der gjin sessys mear nedich binne;
    B. de kliïnt jout mûnling, skriftlik of fia e-mail oan dat hy/sy gjin sessys mear hawwe wol;
    C. de terapeut jout mûnling, skriftlik of fia e-mail oan gjin sessys mear te jaan;
    D. de kliïnt hâldt him/har hieltyd net oan de algemiene bepalings út de behannelingsoerienkomst of oan ôfspraken dy’t ûnder de sessys makke binne tusken de kliïnt en de terapeut;
    E. de terapeut is fan miening dat, yn ferbân mei de problematyk fan de kliïnt, de terapeut gjin mooglikheden hat om de kliïnt te begelieden.
  8. De oerienkomst einiget fan rjochtswegen as der gjin sessy ôfpraat is foar in termyn fan langer as seis moannen sûnt de lêste sessy.
  9. Soe der sprake wêze fan wat bepaald is yn lid 8 wurdt by in nije ôfspraak in nije oerienkomst fan krêft, mei mooglik in oar taryf foar in sessy.
  10. De terapeut hâldt in dossier b fan oantekenings fan de holden sessys.
  11. De terapeut hâldt har oan har geheimhâldingsplicht. Gegevens fan de kliïnt wurde allinnich mei skriftlike goedkar oan tredden (dokters en oare terapeuten) oerlange of meidield.
  12. As de kliïnt, syn of har dokter of in oare behanneler in skriftlike rapportaazje winsket fan it fierde behannelingstrajekt mei de kliïnt, stjoert de terapeut dêrfoar in faktuer oan de kliïnt. Dy faktuer is lyk oan it taryf foar in sessy.
  13. De terapeut is oansletten by de Nederlandse Federatie Gezondheidszorg (NFG). De regels fan dy beropsferiening binne op de terapeut fan tapassing. De kliïnt kin him of har mei klachten oer de terapeut of de behanneling by de beropsferiening NFG melde. As in klacht net nei tefredenens fan de kliïnt ôfhannele wurdt troch de beropsferiening NFG, kin de klacht foarlein wurde by de skelekommisje (geschillencommissie).De NFG
    Postbus 75
    9430 AB Westerbork
    tel: 0592-820030

    Geschillencommissie Complementaire Gezondheidszorg
    Postbus 90600
    2509 LP Den Haag
    tel: 070-3105380

  14. De kosten foar fernieling fan eigendommen troch de kliïnt ferhellet de terapeut op de kliïnt. De terapeut is net oanspraaklik foar eventuele neidielige gefolgen dy’t ûntsteane trochdat de kliïnt ferkearde of ûnfolsleine ynformaasje jûn hat, of trochdat de kliïnt foar him/har bekende ynformaasje, oanwêzich yn medyske dossiers fan dokter of spesjalist, net trochjûn hat.

Dizze algemiene betingsten binne opsteld yn Snits, 28 maart 2024.