Elk minske hat te krijen mei ferlies, rou en ûngemak, ek al wol elkenien der it leafst by wei bliuwe. Mar der is spitigernôch net oan te ûntkommen. Wy meitsje allegear situaasjes fan ferlies mei dy’t it libben op de kop sette kinne. Alle dagen wurde in soad minsken konfrontearre mei it ferstjerren fan in dierber persoan. Elk hat yn it libben op ferskate mêden te krijen mei tsjinslach, ferlies en rou. Dat kin in grutte ympakt hawwe op jins libben; men rout en rouwe is hurd wurkje.
Rouwen is net wat dêr’t je samar in streek ûnder sette kinne. Rouwen is besykje wer yn balâns te kommen. It is in proses fan omgean mei fertriet dat men trochlibje moat. It freget der krekt om om te learen mei dyn ferlies om te gean; it ferlies in ûnderdiel fan dyn libben wurde te litten. Men besiket om it grutte gemis te ferweven yn jins libben sadat men wer trochgean kin mei it libben, stap foar stap.
Rouwe is unyk foar elk, mar ek elke situaasje is unyk. Hoe’tst dyn ferlies gewaarwurdst, wurdt mei bepaald troch dyn persoanlike ûnderfiningen, dyn hechting, dyn opfieding, wat foar gedrach-en tinkpatroanen ast ûntwikkele hast, hoe’t earder ferweve is mei no, de ynfloed fan dyn omjouwing, mar ek dyn relaasje mei de ferstoarne, de leeftyd dêr’t dy persoan op ferstoarn is en dyn eigen omstannichheden.