Ik wurke as ambulant helpferliener, doe’t ús heit ûnfertocht ferstoar. . It fielde as wie it fûnemint ûnder myn fuotten wei slein. Seis wiken nei de dea fan ús heit moast ik ôfskie nimme fan sweager. It ferlies dindere mei fûle feart myn libben yn. Dat wie in fertrietlike en heftige tiid.
Der is doe wol in siedsje plante, want ik wie tige ûnder de yndruk fan de útfeartfersoarger. Dy jongeman wie sa ynteger, geduldich en tagonklik, hy makke alles besprekber en gewoan. “Soe ik dat ek kinne?”, frege ik mysels ôf. Mar omdat myn libben fielde as in soart rollercoaster, ha ik dêr op dat momint doe neat mei dien. It wie noch net in goede momint.
Wol naam ik koart dêrnei ûntslach as helpferliener. Ik wie oan it rouwen en it foel my swier om weardefolle oandacht te hawwen foar de problemen fan myn kliïnten. Omdat ik wol mei minsken wurkje woe, ha ik in pear jier wurksum west yn de hoareka; hurd wurkje en de ferhalen fan de minsken oanhearre wiene net swier. Krekt wat ik nedich hie yn myn rouproses. En doe begûn it dochs wer te kribeljen. It siedsje dat earder plante wie, begûn te groeien en hie romte nedich. Romte en oandacht dy’t ik it doe wol jaan koe.