By it ferlienen fan myn tsjinsten yn myn praktyk ferwurkje ik dyn persoansgegevens. Foar in goede behanneling is it needsaaklik dat ik, as dyn behanneljend terapeut, in dossier oanlis. Dat is in wetlike plicht fan de WGBO út wei. Dyn dossier befettet oantekeningen oer dyn sûnens en gegevens oer de útfierde behannelingen. Yn it dossier wurde ek gegevens opnommen dy’t foar dyn behanneling needsaaklik binne en dy’t ik, nei dyn eksplisite tastimming, mooglik opfrege ha by in oare soarchferliener, bygelyks by dyn dokter.
Ik doch myn bêst om jo privacy te garandearjen. Dat betsjut ûnder mear dat ik:
- Soarchfâldich omgean mei dyn persoanlike en medyske gegevens,
- Derfoar soargje dat guon sûnder foech gjin tagong hawwe ta dyn gegevens.
KONTAKTGEGEVENS
De persoansgegevens wurde ferwurke troch:
Wendy Nauta| Ferlies- en Routerapeut
KvK: 92795625
06-24221636
Info@verliesenrouwtherapeut.nl
Praktykadres:
Kamerlingh Onnesstraat 19
8606 JN Snits
Postadres:
Fiifgeawei 27
8626GB Offenwier
FERKRIJEN FAN PERSOANSGEGEVENS
Ast gebrûk makkest fan myn tsjinsten, joust my dyn persoansgegevens. Dat kin bygelyks by in petear, fia myn webside, fia e-mail, telefoanysk of op oare wize. Ek kin it foarkomme dat ik dyn persoansgegevens krij fia tredden yn it ramt fan it behanneltrajekt.
Persoansgegevens
Ik ferwurkje de folgjende kategoryen fan persoansgegevens:
- Namme, adres en wenplak
- Kontaktgegevens lykas e-mailadres en telefoannûmers
- Bertedatum en -plak
- Geslacht
- Gearstalling fan it gesin
- Ferslaggen fan de petearen
- Medyske eftergrûn
- Ynhâld fan kommunikaasje
Doelen
Ik ferwurkje persoansgegevens mei ferskate doelen, lykas:
- It ûnderhâlden fan kontakt,
- It bieden fan in persoanlik trajekt,
- In goede en effisjinte tsjinstferliening,
- Behear fan it kliïntebestân,
- It dwaan fan administrative hannelingen, lykas planning,
- Rapportearje en analysearje foar ferantwurding oan opdrachtjouwers, beropsferiening en de ferbettering fan de tsjinstferliening,
- Fakturearjen,
- Neikommen fan wetlike ferplichtingen.
As dyn behanneljend terapeut ha ik as iennichste tagong ta de gegevens yn dyn dossier. Ik ha in wetlike plicht de gegevens geheim te hâlden.
De gegevens út dyn dossier kinne ek foar de neikommend doelen brûkt wurde:
- Om oare soarchferlieners te ynformearjen, bygelyks as de terapy klear is of by in ferwizing nei in oare behanneler. Dat bart allinnich mei dyn eksplisite tastimming;
- Foar it gebrûk foar waarnimming, as ik ôfwêzich bin;
- Foar anonym gebrûk by ynterkollegiale toetsing;
- In lyts diel fan de gegevens út dyn dossier wurde brûkt foar de finansjele administraasje, sadat ik in faktuer meitsje kin.
As ik om in oare reden gebrûk meitsje wol fan dyn gegevens, sil ik dy earst ynformearje en dyn tastimming freegje. Wêr is de ferwurking op basearre? Dyn persoansgegevens wurde ferwurke om útfiering te jaan oan de oerienkomst mei dy, oangeande it behanneltrajekt. Ek kinne dyn persoansgegevens ferwurke wurde om foldwaan te kinnen oan mooglike wetlike ferplichtingen.
DE FAKTUER
Op de faktuer dy’t jo krije steane de gegevens dy’t troch de soarchfersekerder frege wurde, sadatst de nota deklarearje kinst by dyn soarchfersekerder.
- Namme, adres en wenplak
- Bertedatum
- Datum fan de behanneling
- In koarte omskriuwing fan de behanneling
- De kosten fan it konsult
YNFORMAASJE JAAN OAN TREDDEN
Yn it ramt fan myn tsjinstferliening kinne persoansgegevens jûn wurde oan tredden, lykas in ICT-leveransier, akkountant, of in oare persoan dy’t ynskeakele wurdt by it behanneltrajekt. Dy tredden meie dyn persoansgegevens allinne mar ferwurkje foar de foarneamde doelen. Dyn persoansgegevens soene ek jûn wurde kinne yn it ramt fan in wetlike ferplichting of rjochterlik befel. Dyn gegevens wurde troch my net oan kommersjele partijen jûn.
HOE LANG BEWARJE IK DYN GEGEVENS
Dyn persoansgegevens sille net langer bewarre wurde as needsaaklik foar de doelen dy’t yn dizze privacyferklearring neamd binne. Dat betsjut dat dyn persoansgegevens bewarre wurde salang’t dy nedich binne om de oanbelangjende doelen te berikken. Dyn gegevens yn it kliïntedossier bliuwe, lykas yn de wet op de behanneloerienkomst fereaske, 15 jier bewarre, yngeande op it momint fan de beëiniging fan it behanneltrajekt.
HOE BEFEILIGJE IK JO GEGEVENS
Jo persoansgegevens binne befeilige tsjin tagong sûnder foech.
COOKIES
Op de website wurde cookies brûkt om de online-tsjinstferliening te ferbetterjen. Troch cookies wurde jo IP-adres en de systeemynformaasje fan jo apparaat ferwurke.
DYN RJOCHTEN
Do hast it rjocht om my te fersykjen om dyn persoansgegevens yn te sjen. Nei ûntfangst fan dyn fersyk krigesto binnen in moanne in oersjoch fan dyn persoansgegevens. As bliken docht dat der ûnkrektheden yn sitte, kinst fersykje de gegevens oan te passen of fuort te heljen. Kinst my ek fersykje om oerdracht fan dyn persoansgegevens of kinst beswier oantekenje tsjin de ferwurking fan dyn persoansgegevens fanwegen bysûndere persoanlike omstannichheden. Fragen oer dizze privacyferklearring of in fersyk oer de ferwurking fan dyn persoansgegevens kinst stjoere nei:
Wendy Nauta| Ferlies- en routerapeut
KvK: 92795625
Fiifgeawei 27
8626GB Offenwier
06-24221636
Info@verliesenrouwtherapeut.nl
Ik sil der alles oan dwaan om de autentisiteit, yntegriteit, fertroulikheid en beskikberens fan dyn gegevens feilich te stellen. Ast in klacht hast oer de ferwurking fan dyn persoansgegevens, lit dat dan oan my witte. Mochtst der mei my net útkomme, dan hast it rjocht om in klacht yn te tsjinjen by de privacy-tafersjochhâlder, de autoriteit persoansgegevens.
WIZIGINGEN PRIVACYFERKLEARRING
Dizze privacyferklearring kin tuskentiden troch my oanpast wurde. Foar it lêst oanpast op 28-03-2024.