Tariven

Yn guon gefallen wurde de kosten fan myn begelieding diels fergoede troch dyn soarchfersekerder. Dat hinget ôf fan hoe’tst en wêr’tst fersekere bist. By in eventueel earste petear, as wy yn de kunde komme, kin ik dy dêr mear ynformaasje oer jaan.

Do hast foar myn begelieding gjin ferwiisbrief fan dyn dokter nedich.

Der is op dit stuit gjin wachtlist.

In oriïntearjend petear is fergees

In oriïntearjend petear is alhiel sûnder fierdere ferplichtingen en stelt dy yn de gelegenheid om te ûntdekken oft ik biede kin wêr’tsto ferlet fan hast en is bedoeld om mei-inoar yn de kunde te kommen en om te fielen oft der oer en wer in klik is. In earste petear duorret likernôch in oere.

Intake: € 85,- it oere

By de intake bringe wy tegearre yn kaart wêr’t de knyppunten sitte en wêr’tst help by nedich hast. Dy ynformaasje kin rjochting jaan oan de fierdere petearen en kin wichtige ûnderwerpen alfêst ûnder de oandacht bringe. Yn guon gefallen duorret de intake meardere oeren.

Ferfolchpetearen: € 85,- it oere

De ferfolchpetearen binne derop rjochte om it ferlies, de tsjinslaggen en de helpfragen te ferdúdlikjen en om in paad te finen om dy te stypjen mei help fan ferskillende metoades.

Hoe lang duorret in trajekt?

De duer fan in trajekt foar rou- en ferliesbegelieding wikselet per persoan en stimme wy mei inoar ôf.

Pin oanwêzich

In ôfspraak kin oant 24 oeren fan te foaren sûnder kosten ôfsein wurde.