Ik begelied folwoeksenen yn rou.
Do kinst by my telâne foar yndividuele begelieding by tsjinslach, ferlies en rou. Of it no giet om rou omdatst in dierbere ferlern bist of om rou troch in libben ferlies, elk rouproses is unyk. Ik wurkje dêrom ek net neffens in standerttrajekt foar rouferwurking, mar ik sjoch nei wat nedich is foar dyn persoanlike sitewaasje en spesifyk ferlet.
De fokus leit op in sûn rouproses en dat betsjut dat der in ‘slingerbeweging’ is tusken oan de iene kant dwaande wêze mei ferlies en oan de oare kant dwaande wêze mei better wurden en dysels oanpasse oan in nije werklikheid; dat wurdt it duale proses neamd.
Ut dy fokus wei bied ik in trajekt op maat oan, dêr’t ik ferskillende wurkwizen by tapasse kin. Tink dêrby oan psycho-edukaasje, emoasjeregulaasje, narratyf- en systemysk werken of mindfulness, mar it kin ek op it kreative mêd wêze.
By ús petearen ha ik oandacht foar dyn fertriet en ferlies, mar ek foar bygelyks dyn gesin, dyn systeem, dyn ferwurkingsmechanismen (gedrachspatroanen) en selssoarch. Ik jou dy ynsichten yn dyn rouproses en sil dy hânfetten jaan mei as doel datst wer krêft en bliidskip fiele kinst, sadatst wer trochlibje kinst en it ferlies ferweve kinst mei dyn libben. Do hast wer betrouwen om de wrâld oan te kinnen en silst mear yn steat wêze om dyn eigen fertriet ta te litten.
Ik bin net inkeld nijsgjirrich nei it ferlies-ferhaal, mar nei it hiele ferhaal efter de mins. Ik help dy graach by it jaan fan betsjutting oan en it ferhelderjen fan dyn persoanlike ferhaal, dyn ferlies en rou of oare tsjinslach. Elk ferhaal is oars en ynteressant.
Foarop stiet dat der yn alle sessys romte en oandacht is foar dyn rou en ferlies. Do bepaalst dyn ferlet, it tempo en wêr’tst it oer hawwe wolst. Elke sessy wer. Ik harkje, sûnder oardiel, mei respekt en oandacht nei dyn ferliesferhaal.